Vermilion wol gjin boukundige stekproef dwaan by Sonnegea

27 aug 2018 - 15:19

In boukundige stekproef yn de omjouwing fan in lyts gasfjild yn Sonnegea hat hielendal gjin sin. Dat sei gaswinbedriuw Vermilion moandei by de Rie fan Steat. It ministearje fan Ynfrastruktuer wol dat in pear nulûndersiken dien wurde by kwetsbere gebouwen yn bygelyks Wolvegea. Dat moat ûnrêst by de minsken yn de streek fuortnimme. Want minsken meitsje harren soargen mei it each op de ierdbevingsskea yn Grinslân, seit it ministearje.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Fjild Sonnegea hast leech

Neffens Vermilion is it gasfjildsje yn Sonnegea al hast leechpompt en is der gjin kâns mear op skea. Dan kontrolearje jo óf alle huzen en gebouwen mei in stekproef, óf jo dogge neat. Mar in lyts ûndersyk is ûnsinnich, seit Vermilion.

Kosten

It gaswinbedriuw hat in stik of tweintich lytsere gasfjilden yn behear yn de regio en is benaud foar in soad kosten, as it boukundige ûndersiken dwaan moat. It bedriuw is wol dwaande mei in yngreven boukundige stekproef yn Diever. Allinnich al dat ûndersyk hat flinke fertraging oprûn. It hie mei in heal jier dien wêze moatten.

Vermilion tinkt oardel jier nedich te hawwen foar alle boukundige nulûndersiken. It bedriuw hopet dêrom dat de Rie fan Steat de eask foar in nulûndersyk yn Sonnegea skrasse sil. De Rie fan Steat docht binnen in pear wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)