Simmerskoalle yn Ljouwert: al 90 learlingen binne oan de slach
Foar de measte skoalbern is de lêste fakânsjewike oanbrutsen, mar yn Ljouwert binne 90 learlingen al in wike oan de slach. Se dogge mei oan de Simmerskoalle.
Simmerskoalle yn Ljouwert: al 90 learlingen binne oan de slach
De gemeente Ljouwert stelt foar it sechsde jier jild beskikber om motivearre skoalbern twa wike ekstra les te jaan yn taal en rekkenjen om sa harren nivo te ferbetterjen. It konsept slacht oan: de bern sels binne entûsjast, de âlden en ek de gewoane skoalle dêr't se takom wike wer hinne gean.
De earste jierren kombinearre de skoalle it learen noch mei fakânsje-aktiviteiten, mar sûnt dit jier is alles rjochte op taal en rekkenjen. Alles wurdt lykwols op in boartlike wize brocht, sadat bern der in soad nocht oan ha.
Koos Pot fan de Simmerskoalle
Doel is om yn twa wike simmerskoalle de lesstof fan fjouwer gewoane skoalwiken oan te bieden. Yn Fryslân is de simmerskoalle allinnich noch yn de gemeente Ljouwert aktyf. Koördinator Koos Pot hopet dat ek oare gemeenten jild beskikber stelle, sadat ek dêr ditsoarte inisjativen fan 'e grûn komme kinne.