Heide bloeit mar koart dit jier en dat komt troch de drûchte

27 aug 2018 - 12:41

De heide bloeit dit jier mar koart. De pearze kleur is der wol, mar folle minder sterk as oare jierren. Op in soad plakken binne der ek brune plakken. Dat hat te krijen mei de drûchte en de waarmte fan de ôfrûne moannen. In bloeiende heide lûkt oars altyd in soad belangstellenden.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Tom Jager fan It Fryske Gea

In brune heide is lykwols net allinne mar in ramp, seit Tom Jager fan It Fryske Gea. Op hegere plakken is de heide ôfstoarn. "Deade heide hat wol tiid nedich om wer te herstellen, dat kostet wol in oantal jierren. Mar oan de oare kant is dit tichte heide en op himsels is it hielendal net slim dat der iepen plakken falle. Dat jout ek wer kâns op oare fegetaasje, dat dan kâns krijt om te groeien, lykas gerssoarten of de klokjesgentiaan. Dat jout mear fariaasje en lûkt ek wer oare ynsekten oan. Guon kwetsbere flintersoarten ha it ek dreech hân, want troch de drûchte wie der minder nektar. "

Oer in wike kin it wêze dat heide wol wer op mear plakken bloeit, want op guon legere plakken is it troch de rein fan de lêste dagen wol wer wieter wurden.

Trefwurden: 
Bakkefean drûchte heide
(advertinsje)