Maatregels by scouting fanwege ferline fertochte yn moardsaak Nicky Verstappen

27 aug 2018 - 11:47

Scouting Nederlân is bot skrokken troch de nijsberjochten dat de fertochte yn de moardsaak Nicky Verstappen yn it ferline aktyf wie yn ferskate scoutinggroepen foar jongerein. De organisaasje kin him goed yntinke dat âlden mei bern by scouting mei fragen sitte en har soargen meitsje.

Foto: ANP

Ek Melle van der Heide fan Scouting Fryslân mei 2300 leden fynt it spitich dat Scouting op dizze wize negatyf yn it nijs kommen is. Scouting Nederlân hat dêrom alfêst in advysbrief oan alle regio-ôfdielingen stjoerd hoe't se yn dizze kwestje hannelje moatte.

Neffens Van der Heide moatte liedingjaanden binnen Scouting Fryslân in 'verklaring omtrent gedrag' oerlizze kinne en is der in permaninte kontrôle op mooglike sinjalen fan gedrach dat net talitber is.

(advertinsje)