Stroetinga 4de by WB yn Astana

© Omrop Fryslân
By de wrâldbeker hurdfytsen op de baan yn Astana yn Kazachstan hawwe Peter Schep en Wim Stroetinga snein krekt it poadiumplakje mist. It twatal waard op it ûnderdiel madison fjirde. Goud wie der foar it Australyske duo Edmondson en O'Shea. Sneon waard Jenning Huizenga fyfde op de yndividuele efterfolging. De yn Frjentsjer berne hurdfytser makke op freed ek al diel út fan 'e ploege-efterfolging, dêr't er brûns mei pakte.