Direkteur ECOstyle lilk op Wakker Dier om nominaasje Liegebeest Trofee

Direkteur Pier Oosterkamp fan it Easterwâlder bedriuw ECOstyle is lilk op Wakker Dier. De bistebeskermingsorganisaasje hâldt alle jierren de ferkiezing fan de Liegebeest Trofee en hat no ek ECOstyle nominearre.
© Ecostyle
It bedriuw soe misliedende teksten op de ferpakking fan harren produkten sette. ECOstyle makket ekologysk ferantwurde produkten foar tún en húsdieren. Neffens direkteur Oosterkamp is de krityk der fier by troch. ''Ons bedrijf wordt op een heel vervelende manier neergezet als leugenaar. Dat is niet zo. U zult bij ons nergens het woord biologisch zien, wij suggereren niks'', seit Oosterkamp by de NOS. Hy ferwiist nei Wakker Dier as in ''heel vreemde organisatie die de plank finaal misslaat.''
De twa oare nominearren binne suvelkoöperaasje Friesland Campina en de Rabobank. Supermerken Albert Heijn en Jumbo binne fan de list helle, nei't se harren belied oanpast hiene.
Marian Oosterkamp fan ECOStyle