Maarten van der Weijden kriget tsiisskaaf fan âldjiersploech Wier

Teller swimalvestêdetocht Maarten van der Weijden stiet op 4,3 miljoen
Leden fan de âldjiersploech fan Wier ha by de huldiging fan Maarten van der Weijden yn Waalwyk west. Se wiene dêr op útnûging fan de pleatslike wethâlder.
© Wytze Fopma
De mannen fan Wier ha de swimmer harren doarpstrofee oerlange: in tsiisskaaf. Hy wie der tige bliid mei, seit Gosse Visser fan Wier. Hy wie der snein by. "Bysûnder om mei te meitsjen. Maarten fûn de tsiisskaaf hiel leuk. In tsiisskaaftrofee hie hy noch net. Hy soe de tsiisskaaf by syn olympyske medalje sette."
Visser seach mei Van der Weijden ek noch even werom op syn swimalvestêdetocht. "Maarten fûn de Hel fan it Noarden eins it Paradys fan it Noarden, troch alle minsken en de boeren dy't mei harren trekker op 'en paad wiene."
Wy seagen in wethâlder en hy fûn it in leuke aksje.
Gosse Visser fan Wier
Omdat Wier op de alvestêderûte leit, woe de âldjiersploech de trofee oan Van der Weijden jaan. "Der binne in pear hichtepunten yn Wier: bingo, de merke, de âldjiersstunt en no dit." De ploech fan Wier gie nei de slûs yn it doarp, om Van der Weijden te stypjen. "Mar it wie dêr doe smoardrok. Wy seagen in wethâlder en hy fûn it in leuke aksje." It idee wie om de tsiisskaaf op te stjoeren, mar de wethâlder hie de mannen fan Wier útnûge foar de huldiging yn Waalwyk. "Dat woene wy fansels wol. It wie in moai wykein."
Gosse Visser fan de âldjiersploech fan Wier

Earepenning

By de huldiging yn Waalwyk krige Van der Weijden ek de earepenning fan de gemeente. Dy waard him oanbean troch boargemaster Nol Kleijngeld. "Je hebt een bovenmenselijke prestatie verricht en mensen in verbinding gebracht rondom het thema kanker. Daarom is heel Nederland trots op je", sei Kleijngeld dêrby. De opbringst fan de alvestêdeswimtocht dy't Maarten van der Weijden ferline wike makke, is oprûn nei in bedrach fan 4.311.810,72 euro.
© Casper van Aggelen