Kuierders alvestêdetocht kinne tenei lúkser sliepe

Kuierders alvestêdetocht kinne tenei lúkser sliepe
De organisaasje fan de kuieralvestêdetocht lit de dielnimmers fan takom jier ôf lúkser sliepe. Sûnt de begjinperioade fan de tocht koenen kuierders oernachtsje yn it rom fan frachtskippen. De hjoeddeiske tiid fereasket neffens de organisaasje lykwols in oanpassing.
Geert van Tuinen is op klipper De Hoop en praat mei Tom Yntema
"We fernimme dat minsken mear comfort en privacy wolle. Dat die bliken út in enkête dy't we ferline jier hâlden ha," seit foarsitter Tom Yntema. Fan takom jier ôf kinne de kuierders oernachtsje op twa akkommodaasjeskippen en in tal klippers. Der is romte foar sa'n 170 persoanen en dy kinne telâne yn hutten foar twa of fjouwer persoanen. Der bliuwt noch ien skip mei steapelbêden yn de float.
It jaske feroaret. Fan binnen bliuwe we de 'Wandeltocht der Tochten'.
Tom Yntema, foarsitter
Neffens de organisaasje is dizze oanpassing needsaaklik om de alvestêdekuiertocht goed yn de merk te hâlden. Yntema: "De kuiersport is populêrder as oait en der wurde hieltyd mear tochten organisearre. It is dêrom belangryk om as tocht oantreklik te bliuwen." Yntema is net benaud dat it spesifike alvestêdegefoel troch dizze oanpassings ferdwine sil. "It jaske feroaret. Fan binnen bliuwe we de 'Wandeltocht der Tochten'."
De kuiertocht is 207 kilometer lang dy't kuierders yn fiif dagen troch de provinsje liedt. De tocht is altyd yn de wike fan Himelfeart . De edysje fan 2019 is fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny.
De foarynskriuwing fan de tocht fan 2019 begjint op 1 desimber 2018.