Sportklup F en F The Inner Way kriget keurmerk foar fjochtsport

27 aug 2018 - 10:06

De Snitser sportklup F en F The Inner Way hat it Fight Right-keurmerk krigen, in inisjatyf fan it Nederlands Instituut voor Vechtsport en Maatschappij (NIVM).

Foto: Sportclub F en F The Inner Way

It keurmerk wurdt takend oan klups dy't oan strange easken foldogge op it mêd fan feilichheid en feardige trainers en dy't in pedagogysk sportklimaat belangryk fine. By de sportklup wurde ûnder oare lessen karate, boksen en kickboksen jûn. Se jouwe ek in kursus dy't de striidberens fan minsken fergruttet.

De klup is mominteel de iennichste yn Fryslân mei it keurmerk, eigener Frank Liew-On is grutsk op it keurmerk. ''Het bevestigt dat we op de goede weg zijn.'' Neffens it NIVM is it tawizen fan it keurmerk ek in sinjaal oan gemeenten om sjen te litten dat de klup in betroubere partner is. Mei it keurmerk wol it NIVM wat dwaan oan it minne imago fan de fjochtsport.

(advertinsje)
(advertinsje)