Plysje kin hurder drave en pakt ynbrekker yn Ljouwert

In 39-jierrige ynbrekker út Ljouwert is sneintejûn oanhâlden nei't hy oan de Oenemastate op'e die trappearre wie.
Ynbrekker mei in koefoet © Shutterstock.com
De man naaide earst út, mar koe nei in sprint fan de plysjes dochs oppakt wurde.
Hy fersette him bot tsjin syn oanhâlding, sadat de plysje pepperspray ynsette moast. De man sit fêst en der wurdt ûndersyk nei de ynbraak dien.