Lemsterwei by Munnikebuorren skuord troch drûchte

De Lemsterwei by Munnikebuorren is oer sa'n 800 meter skuord. Dat hat te krijen mei de drûge en waarme simmer. Dat seit de gemeente Weststellingwerf.
De Lemsterdyk © Wiegmink Media
Oer de helte fan de dyk kinst no net ride. Om gefaarlike situaasjes foar te kommen, mei it ferkear dêr no net hurder ride as 30 kilometer yn de oere. Dat is ek mei buorden oanjûn. Oars kinst dêr 80 ride.
De gemeente is dwaande mei it ferhelpen fan de skea oan de Lemsterwei.

It falt ta

Ek oare gemeenten hawwe skea troch de drûchte, al falt it bot ta. Yn Súdwest-Fryslân kamen betontegels omheech en wiene der drûchteskuorren yn in skulpepaad. De gemeente hat yn Boalsert mei sâlt struid om fierdere skea oan de diken foar te kommen.
Yn de gemeente Hearrenfean hat de Prikwei by Aldeboarn skea oprûn, doe't in betonplaat omheech kaam. It euvel is ferholpen. Fierders falt de skea ta. Dat hat der nei alle gedachten mei te krijen dat in grut diel fan de gemeente op sângrûn leit. De problemen binne it grutst yn gebieten mei feangrûn.
Yn De Fryske Marren hawwe se skea oan meardere diken. Dat giet de iene kear om asfalt dat fersakke is, op oare plakken sitte ek dêr skuorren yn de dyk. De gemeente hat al wat needreparaasjes dien op guon plakken.
De diken yn de gemeente Smellingerlân hawwe gjin lêst hân fan de hjitteweach.