Kollum: "Simpele Sytze"

27 aug 2018 - 07:42

"Hasto wolris in stripper op dyn skoat hân by in frijgesellefeestje? It falt my nammentlik op dat wy as froulju der in stik suniger ôf komme as manlju. Jimme krije moaie froulju op feestjes, wylst wy it dwaan moatte mei in teloarstellend eksimplaar dat mar kwealik út de klean doart. Dy ûngelikensens tusken manlju en froulju; dat kin anno 2018 dochs echt net mear.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

De lêste tiid is der in flinke diskusje oer it feit dat froulju foar itselde wurk minder fertsjinje as manlju. Net te begripen ast it my fregest. Want faak dogge froulju datselde wurk minstens sa goed as manlju. In goed foarbyld dêrfan is it strippersberop. Al in pear kear ha ik ferhalen heard oer manlike strippers, dy't harren der ôf meitsje mei in simpel dûnske, wat slachrjemme slikje en in beskamjende striptease. Ráts, yn ien kear de hiele boel út. No, wat in wille.

Hiel oars giet dat by froulju. Froulike strippers meitsje der echt wurk fan. Dy ha de dûnskes presys útsocht op de muzyk, nimme de muoite om de klean bytsje by bytsje hiel seksy út te lûken en brûke gadzjets foar wat ekstra fertier. Werklik wier, der sit in wrâld fan ferskil tusken wat manlju prestearre op stripgebiet en wat froulju foar top-performance delsette.

Sjoch, dat wy it mei wat minder dwaan moatte, fyn ik sa slim noch net. Nee, it slimste is noch wol dat it hiele saakje stjonkt nei bedroch en oplichterij. Sykje op 'mannelijke stripper' en krigest websides mei moaie mannen. Dêrnei kiest foar in knappe keardel mei in eksoatyske namme lykas Angelo, Giuliano of Magic Mike. Ta beslút drukst op 'bevestigen' en 'klaar is Kees', soest tinke.

Mar wat blykt op it momint 'suprême' as de stripper him meldt op it frijgesellefeestje? It is in hiel oare keardel. Gjin Magic Mike, mar gewoan Simpele Sytze. Jawis, hy is poepiebrún en hat in sixpack, mar fierder... Neat magics oan. Op de fraach wêr't Magic Mike is, komt in ûnnoazel ferlechje dat er krekt syn tosken lutsen litten hat of dat er siik wie. Dus dêrom is Sytze stjoerd as ynfaller. No lekker dan.

Dit bart net ien kear, mar ik ha no al meardere ferhalen heard oer Magic Mikes dy't net opdaagjen komme. En it stomste is dat wy froulju der alle kearen wer yn traapje. Want as Simpele Sytze foar ús noas stiet, dan betelje wy dóchs dy doekoe's. Gjin stripper op in frijgesellefeestje, dat kin fansels net.

It is ien en al trochstutsen kaart. Ik leau der neat fan dat der wier strippers binne as Magic Mike, Jamilio en Michelangelo. En as se der al binne, dan komme se blykber net nei Fryslân. Wy moatte it hjir dwaan mei de left-overs. De restjes dy't der hielendal neat fan kinne. En dêr betelje wy ek noch grou jild foar. De konklúzje is dúdlik. Kinne wy froulju in kear de klean oanhâlde, wurde wy dochs noch útklaaid wêr't wy bystean."

(advertinsje)
(advertinsje)