Minne lotting Sander Arends op US Open

26 aug 2018 - 19:56

Tennisser Sander Arends hat in minne lotting op de US Open. De Ljouwerter moat it yn de earste ronde opnimme tsjin lângenoat Jean-Julien Rojer en de Roemeen Horia Tecau. Sels spilet Arends mei de Kroaat Antonio Sancic.

Sander Arends yn aksje - Foto: orangepictures.nl

Rojer en Tecau pakten ferline jier de titel op de US Open yn New York. Dit jier binne se as sechsde pleatst. Ofrûne wike wiene se noch de bêste by it ATP-toernoai fan Winston-Salem.

Arends makket syn debút yn New York. Hy spile earder al op Roland Garros en Wimbledon. De Australian Open yn Melbourne is aanst it iennichste Grand Slam dêr't Arends noch net oan meidien hat.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis US Open
(advertinsje)