Partoer Van der Bos wint 'PC-revâns' yn Bitgum

26 aug 2018 - 17:35

De frijeformaasjepartij yn Bitgum is snein in oerwinning wurden foar it partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Yn de finale wiene sy mei 5-2 en 6-6 te sterk foar Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.

De lytse preemje wie foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Foar de formaasje Van der Bos wie it de trettjinde oerwinning fan dit seizoen. Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening fan de partij yn Bitgum.

De finale fan de partij yn Bitgum wie in kopy fan de PC fan dit jier. Doe wûn it partoer fan Van Zuiden mei 5-5 en 6-2 en no dus Van der Bos-en-dy. Neffens Steenstra wie it net echt in revâns foar de PC-finale, mar jout dit wol wer oan hoe goed se dit seizoen binne.

Saaie keatsdei

It wie wat in saaie keatsdei yn Bitgum. It winnende partoer krige hast gjin earsten tsjin en der wie mar ien 5-5. De finale like lang ek in saaie wedstriid. Van der Bos-en-dy kamen op 3-0, mar Van Zuiden syn partoer knokte him werom oan 4-2 en se kamen sels mei 6-0 foar. Benammen troch in goed prestearjende Steenstra pakten se op 6-6 dochs it earst en de 5-2 foarsprong, en doe rûnen se út nei 6-4. By in twadde wedstriidpunt wie it klear. Thomas van Zuiden: "As sy keatse sa as se kinne, dan binne se eins net te ferslaan."

Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)