Hurdrinner Joël de Jong út Harns hellet twadde brûnzen medalje op EK para-atletyk

26 aug 2018 - 16:58

Joël de Jong (16) út Harns hat op de lêste dei fan it EK para-atletyk yn Berlyn opnij in brûnzen medalje wûn. Joël helle it tredde plak op de 100 meter hurdrinnen. Freed wie der ek al in brûnzen medalje foar De Jong op de 4 x 100 meter estafette.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

By de 4 x 100 meter estafette einige De Jong mei Levi Vloet, Olivier Hendriks en Ronald Hertog freed achter Dútslân en Italië. De Nederlânske ploech die dat mei in nij nasjonaal rekôr. "Het ging echt super!!", seit Joël yn in reaksje op Twitter.

By de 100 meter moast er snein Daniel Wagner út Denemarken en Clavel Kayitare út Frankryk foar gean litte. Hy hope op in ferbettering fan syn persoanlik rekôr fan 13.92. Dat slagge mei 14.17 krekt net. Op de webside fan de atletykuny sei er earder: "Ik hoop natuurlijk op een medaille, maar ik ben al heel blij dat ik er heen mag. Daniel Wagner is mijn grootste tegenstander, denk ik. Hij is al jaren heel snel".

(advertinsje)