Teller swimalvestêdetocht Maarten van der Weijden stiet op 4,3 miljoen

26 aug 2018 - 16:49

De opbringst fan de alvestêdeswimtocht dy't Maarten van der Weijden ferline wike makke, is oprûn nei in bedrach fan 4.311.810,72 euro. Dat is sneintemiddei bekend makke by de huldiging van Van der Weijden yn Waalwyk. Dat is it haadplak fan de gemeente dêr't er wennet.

Maarten van der Weijden by de huldiging yn Waalwyk - Foto: ANP

Dêrmei is de teller mei hast in miljoen euro oprûn sûnt ôfrûne woansdei, want doe stiet de opbringst noch op 3,5 miljoen euro. It jild giet fia KWF Kankerbestrijding nei alve spesjale projekten. "Ik ben zo onwijs dankbaar, wat een geld", sei Van der Weijden snein by de bekendmakking fan it bedrach.

Ik ben zo onwijs dankbaar, wat een geld.

Maarten van der Weijden

Earepinning

By de huldiging yn Waalwyk krige Van der Weijden ek de earepinning fan de gemeente. Dy waard him oanbean troch boargemaster Nol Kleijngeld. "Je hebt een bovenmenselijke prestatie verricht en mensen in verbinding gebracht rondom het thema kanker. Daarom is heel Nederland trots op je", sei Kleijngeld dêrby.

(advertinsje)
(advertinsje)