Hearrenfean ferliest nei spektakelstik fan Feyenoord

26 aug 2018 - 16:29

It fenyn siet him yn de sturt. Hearrenfean stie sneintemiddei lange tiid op achterstân tsjin Feyenoord. Mar de Feansters kamen yn de slotfaze goed werom, it waard yn de einfaze noch in spektakelstik, mar se ferlearen wol, mei 5-3.

Yn it begjin fan de wedstriid kamen de Feansters fuortendaliks al op achterstân troch in doelpunt fan Jens Toornstra. Mei in lob oer Feankeeper Warner Hahn hinne waard it 1-0 foar Feyenoord. Goed tsien minuten letter krige Hearrenfean wer in tsjingoal om de earen. Robin van Persie wurke de bal achter de keeper Warner Hahn: 2-0 foar Feyenoord.

Kobayashi - Foto: www.orange-picturers.nl

Hearrenfean besocht werom te knokken, mar dat slagge net. Flak foar rêst hie Arber Zeneli in grutte kâns nei in foarset fan Yuki Kobayashi. De bal kaam yn it sydnet. Efkes letter skoarde Toornstra wer mei in fraai skot: 3-0 foar Feyenoord en dat wie ek de rêststân.

Ek yn de twadde helte koe Hearrenfean net folle betsjutte. Binnen twa minuten nei de start wie it al wer in Feyenoordspiler dy't in doelpunt makke. Tyrell Malacia stuts it hiele fjild oer en tikke de bal achter Feankeeper Warner Hahn.

Yn de 71e minút kopte Thorsby de bal achter Feyenoordkeeper Justin Bijlow. En dêrnei kaam Hearrenfean fierder by. Yn de 86e minút koe Kik Pierie maklik skoare troch min spul fan Feyenoord en Bulthuis die der noch in skepke boppeop mei in goal krekt foar tiid. Hearrenfean sette noch alles op alles foar in stunt, mar Ayoub makke fier yn de ekstra tiid dochs noch de 5-3.

SC Hearrenfean - Feyenoord (3-5). 5. Toornstra 0-1, 15. Van Persie 0-2, 45.+1 Toornstra 0-3; 47. Malacia 0-4, 71. Morten Thorsby 1-4, 86. Kik Pierie 2-4, 89. Dave Bulthuis 3-4, 91.+1 Ayoub 3-5.

Opstelling Hearrenfean: Warner Hahn, Doke Smidt, Daniel Höegh, Dave Bulthuis, Kik Pierie, Morten Thorsby, Michel Vlap, Yuki Kobayashi, Arber Zeneli, Sam Lammers, Nemanja Mihajlovic

(advertinsje)