Soad belangstelling foar huldiging Maarten van der Weijden yn Waalwyk

26 aug 2018 - 15:41

Hûnderten minsken binne snein yn Waalwyk ôfkaam op de huldiging fan Maarten van der Weijden. Neffens Omroep Brabant stiet it plein dêr't de alvestêdeswimmer huldige wurdt "bomvol'.

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

Ofrûne moandei waard Van der Weijden al huldige op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert, dêr kamen tûzenen minsken op ôf. By dy huldiging waard bekend dat er oant no ta 3,5 miljoen euro byelkoar swommen hat foar kankerûndersyk.

Krekt as yn Ljouwert, binne by de huldiging yn Waalwyk sprekkers en optredens fan bekende artysten. Yn Waalwyk binne dat ûnder oare Guus Meeuwis en O'G3NE.

Boargemaster Nol Kleijngeld fan de gemeente Waalwijk hopet dat de huldiging yn syn gemeente der mei foar soargje sil dat der noch in miljoen ekstra ynsammele wurdt. Maarten van der Weijden sei by de huldiging fan moandei dat er hopet dat der 4,5 miljoen euro byelkoar brocht wurdt.

(advertinsje)