Grutste stoarmbaan fan Europa stiet no yn Ljouwert, mar pas op

It is de grutste stoarmbaan mei springkessens fan Europa, de airrun, mar je moatte der wol om tinke op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Want út ûndersyk fan RTL Nieuws docht bliken dat der hieltyd mear ûngelokken plakfine op springkessens. Ferline jier moasten 2.200 minsken harren behannelje litte op de earste help fan sikehûzen. Tsien jier lyn wiene dat der 1.400.
De airrun, de grutste stoarmbaan fan Europa yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Rik van Raak fan Jumpverhuur hat snein de lieding by de stoarmbaan fan hast 500 meter yn Ljouwert. Hy is skrokken fan it nijs, mar wit wol wêr't it oan leit. "Er is steeds meer wildgroei. Vooral particulieren die bij ons een springkussen huren, houden zich niet aan de regels. Dan kunnen er ongelukken gebeuren."
Springkessen gefaarlik
Van Raak hâldt sels de boel goed yn de gaten. Boppedat hâlde meiwurkers strang tafersjoch. Sa soargje se derfoar dat der net tefolle minsken yn ien kear of op itselfde springkessen tagelyk binne. "Zo voorkomen we dat mensen op elkaar terecht komen met alle vervelende gevolgen van dien." Foar de wissichheid is der ek in EHBO-post fan it Reade Krús by de Aldehou. Dy hawwe it oant no ta net smoardrok hân.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Reportaazje by de stoarmbaan yn Ljouwert