Piet Paulusma warskôget de wettersport: sykje letter snein de havens op

26 aug 2018 - 12:37

Wettersporters dogge der goed oan om snein yn de rin fan de middei de havens op te sykjen. Mei dy warskôging komt waarman Piet Paulusma. De wyn sil middeis oanhelje oant krêft 6 of 7, boppedat binne der wynstjitten mooglik yn krêft 8 of 9.

Hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De warskôging jildt benammen foar de kust en it Waadgebiet, mar ek op oare plakken sil der in krêftige oant hurde wyn komme te stean. Dy wyn komt earst út it suden oant súdwesten, mar draait yn 'e nacht nei it westen.

Piet Paulusma warskôget foar hurde wyn

Ek moandeitemoarn kinne der noch wynstjitten foarkomme, dy sitte dan yn buien. Yn de rin fan moandetemoarn folget drûch waar, mei kâns op sinne.

(advertinsje)