Krekt gjin poadium foar De Vries by sprintrace F2 op Spa-Francorchamps

26 aug 2018 - 12:20

Koereur Nyck de Vries is der snein net yn slagge syn sterke Formule 2-wykein te bekroanen mei in twadde poadiumplak op it Belgyske sirkwy fan Spa-Francorchamps. De Twellingeaster waard yn de sprintrace fjirde, nei in spannende striid om de poadiumplakken.

Nyck de Vries - Foto: www.orange-pictures.nl

Fleanende start

De Vries starte yn de sprintrace fan snein op it achtste plak. Hy hie in dreamstart en skode yn koarte tiid op nei it twadde plak. Yn de slotronde foel er lykwols nei in spannende striid werom nei de fjirde posysje en miste sa it poadium. De winst gie nei Nicholas Latifi út Kanada, dy't fan begjin oant ein op kop ried. Twad waard Lando Norris út Grut-Brittannië, foar Alexander Albon, dy't foar Tailân útkomt.

Klassemint

De Vries bliuwt yn it klassemint op it fjirde plak stean mei 153 punten. George Russell út Grut-Brittannië stiet earste (188 punten), Lando Norris twadde (183 punten) en Alexander Albon tredde.

Sneon waard De Vries noch earste yn de haadrace op Spa-Francorchamps. Takom wike wurdt der riden op it sirkwy fan Monza yn Italië.

(advertinsje)