Eastermar hellet snein syn winnende IFKS-skûtsje feestlik yn

26 aug 2018 - 11:46

Skipper Geale Tadema en syn bemanning is sneintemiddei feestlik ûnthelle yn thúsdoarp Eastermar. Mei it skûtsje It Doarp Eastermar wûn Tadema in dei earder de A-klasse fan de IFKS. Tadema die dat mei in deiwinst op it wetter by De Lemmer.

Huldiging bemanning winnende IFKS-skûtsje Eastermar - Foto: Simon Bosma

It skûtsje It Doarp Eastermar waard om in oere of fiif ferwachte yn syn thúshaven oan de Lits yn Eastermar. Dêr is foar de skipper en syn bemanning in feestlike ûntfangst regele. Dat feest giet dêrnei noch troch op doarpsplein It Breed yn it sintrum fan Eastermar.

Belangstellenden binne fan herte wolkom, skriuwt de organisaasje yn syn parseberjocht.

It skûtsje fan Eastermar - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)