Grutte soargen oer faksinaasje op Waadeilannen

26 aug 2018 - 11:24

It tal bern dat yninte is tsjin besmetlike syktes is op de Waadeilannen opfallend leech. Ut sifers fan it RIVM docht bliken dat de saneamde faksinaasjegraad op de eilannen ûnder de tachtich persint leit, folle leger as it lanlik gemiddelde. It giet om sifers oer dit jier.

De fraksjefoarsitter fan de PvdA op Skylge, Christa Oosterbaan, makket har dêr grutte soargen oer. Hoe't it komt dat bern op de eilannen minder faak yninte wurde, wit se net. Se ropt âlden wol op om oer te gean ta faksinaasje. In ferplichte faksinaasje wol Oosterbaan noch net oan.

Trefwurden: 
Waadeilannen faksinearje
(advertinsje)
(advertinsje)