Alvestêdekuiertocht krijt in nije opset

De Alvestêdekuiertocht krijt in nije opset. Dielnimmers hoege tenei net mear op steapelbêden op frachtskippen te sliepen. Neffens de organisaasje wolle de minsken mear lúkse en privacy.
© Omrop Fryslân, Berber Hania
Ek wienen der problemen mei de brânfeiligens. De float mei frachtskippen sil dan ek ferfongen wurde troch twa akkommodaasjeskippen en in tal sylskippen mei hutten. Ien skip mei steapelbêden bliuwt.
De organisaasje jout ta dat de belevenis fan de Alvestêdekuiertocht sa wol feroaret, mar seit dat se wol moatte: de konkurrinsje fan oare kuiertochten nimt ta. De 73e edysje fan de tocht wurdt takom jier ein maaie rûn.