CitySwim Warkum giet yn de werkânsing

26 aug 2018 - 10:34

De CitySwim mei Maarten van der Weijden, dy't earder ôfsein wurde moast fanwege de minne wetterkwaliteit, giet yn Warkum yn de werkânsing. Takom snein, 2 septimber, wurdt yn Warkum in triatlon holden en dêr oan foarôfgeand, biedt de organisaasje de cityswimmers in poadium. It giet dan om de oanmelde swimmers fan Warkum sels, dy fan Hylpen en fan Starum.

Maarten van der Weijden by Starum - Foto: Casper van Aggelen

Ik tink net dat Maarten van der Weijden sels meidocht, dy liket my wol aardich útswommen.

Theunis Wouda fan de CitySwim

Der kinne oan dizze tocht sa'n 150 swimmers meidwaan. Maarten van der Weijden is ek útnûge, mar de organisaasje ferwachtet net hy mei swimme sil: "Hy is neffens my wol aardich útswommen", lit Theunis Wouda fan de organisaasje witte.

Theunis Wouda - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Organisator Theunis Wouda oer de CitySwim

Ek Dokkum biedt in alternatyf foar de cityswimmers dêr. Dat is by it saneamde 'grachtenzwemmen' dat op snein 9 september op it programma stiet as ûnderdiel fan de Admiraliteitsdagen.

Van der Weijden huldige

Maarten van der Weijden wurdt sneintemiddei yn syn gemeente Waalwijk huldige. Ofrûne moandei waard er ek al huldige op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert ûnder belangstelling fan tûzenen Friezen. Syn alvestêdeswimtocht hat oant no ta mear as 3,5 miljoen euro opbrocht foar KWF Kankerbestrijding.

Boargemaster Nol Kleijngeld fan de gemeente Waalwijk ropt minsken op om troch te gean mei jild te jaan oan it goede doel, sadat it bedrach yn totaal útkomt op 4,5 miljoen euro.

(advertinsje)