Fryske flagge foar winner Nyck de Vries op sirkwy Spa-Francorchamps

26 aug 2018 - 09:44

Formule 2-koereur Nyck de Vries kin snein op Fryske stipe rekkenje by syn twadde race op it Spa-Francorchamps sirkwy yn België. Fans hawwe in Fryske flagge ophongen oan in stek fan it sirkwy foar de 23-jierrige koereur út Twellingea. Hy pakte sneon soeverein de winst yn de haadrace.

In Fryske flagge op it sirkwy fan Spa-Francorchamps foar Nyck de Vries - Foto: Hielke Felkers

De Vries hopet snein nei de sprintrace opnij op it poadium te stean op syn 'thúsbaan' yn België. Hy start fan it achtste plak.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
(advertinsje)
(advertinsje)