UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en Zwolle ride wer

26 aug 2018 - 07:23

De ekstra fertraging op it spoar tusken Ljouwert en Zwolle is foarby. Reizgers op it treintrajekt krigen sneintemoarn te meitsjen mei ekstra fertraging troch it útrinnen fan wurksumheden op it spoar. Der rieden dêrtroch gjin treinen tusken Ljouwert en Zwolle. Dy ride no wol wer.

Snein wurde der noch de hiele dei plande wurksumheden útfierd op it trajekt Stienwyk - Meppel - Zwolle. Reizgers kinne op dit trajekt gebrûk meitsje fan bussen. De ekstra reistiid is 15 oant 45 minuten. De NS rydt mei in oanpaste tsjinstregeling tusken Ljouwert en Stienwyk.

Trefwurden: 
trein NS spoar
(advertinsje)