Utwedstriden foar Fryske klups yn earste ronde KNVB-beker

De lotting foar de earste ronde fan de KNVB-beker is sneontejûn ferrjochte. De Fryske fuotbalklups SC Hearrenfean, SC Cambuur, Harkemase Boys en ONS Snits witte no tsjin wa't se it yn de nasjonale bekerkompetysje opnimme moatte.
KNVB-beker © ANP
Opfallend is dat de Fryske klups alle fjouwer in útwedstriid lotte ha én dat de tsjinstanners allegear útkomme yn de twadde difyzje.
Sa moat SC Hearrenfean it yn Katwijk opnimme tsjin de pleatslike amateurploech en moetet SC Cambuur krekt fierderop Scheveningen.

Fryske amateurs

Foar de Fryske amateurklups steane der ek útwedstriden op it programma. Harkemase Boys moat nei Haarlem ôfreizgje foar in duel mei Koninklijke HFC en ONS Snits wachtet yn Werkendam in konfrontaasje mei Kozakken Boys.
De wedstriden fan Cambuur en Harkemase Boys wurde spile op tiisdei 25 septimber. Cambuur begjint om 17:00 oere en Harkemase Boys om 19:45 oere. Woansdei 26 septimber komme SC Hearrenfean en ONS yn aksje. Beide klups begjinne om 19:45 oere.

Lotting earste ronde KNVB-beker: