Junior Jan Teade Nauta ljept it fierst yn Polsbroekerdam

Jan Teade Nauta © Martin de Jong
Junior Jan Teade Nauta wie sneontejûn yn Polsbroekerdam de iennige dy't in topprestaasje levere. Yn de fjirde en lêste wedstriid fan de nasjonale kompetysje ljepte de Dryltser mei 19.97, in persoanlik rekôr, de fierste ôfstân fan de jûn.
Junior Jan Teade Nauta ljept it fierst yn Polsbroekerdam
De wedstriid yn Polsbroekerdam hie in hiele meagere besetting. In protte Fryske ljeppers wiene net ôfreizge. By de senioaren wie de winst foar Jaco de Groot mei 19.71. Thewis Hobma waard twadde mei twa sintimeter minder. By de froulju, jonges en famkes bleau de winst ek yn Hollân.
De Groot en Hobma sterkste senioaren
Dymphie Baas-van Rooijen ljepte in moaie 15.77. Anneke Broersma waard twadde mei 13.88. Reinier Overbeek wie mei 17.78 de bêste by de jonges. Rutger Haanstra waard twadde mei 15.51. Demi Groothedde ljepte by de famkes 14.69.
Thewis Hobma © Martin de Jong
Op sneon 1 septimber wurdt it fierljepseizoen ôfsletten mei de Nederlânske kampioenskippen yn Burgum. De wedstriden begjinne om 14.00 oere.