Ofdielingspartoer Minnertsgea wint haadklassepartij yn Bitgum

25 aug 2018 - 18:59

It trio Marten Bergsma, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra hat sneontemiddei de haadklassepartij by it ôfdielingskeatsen yn Bitgum wûn. Yn de finale wie it ôfdielingspartoer fan Minnertsgea te sterk foar dat fan Seisbierrum-Pitersbierrum (5-3, 6-0).

Hylke Bruinsma, Hendrik Kootstra en Marten Bergsma - Foto: Henk Bootsma

It ôfdielingspartoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum, besteande út Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Pieter van der Schoot, helle yn de finale noch wol it earste earst binnen.

In sitbal fan Bergsma op 3-3 en 6-4 wie efterôf besjoen in wichtich momint yn de wedstriid, want dêrnei rûn Minnertsgea út nei de oerwinning.

Heale finales

Yn de heale finales wie Seisbierrum-Pitersbierrum te sterk foar Stefan van der Meer, Pier Piersma en Erwin Zijlstra, oftewol Easterlittens (5-3 en 6-0). Minnertsgea helle de finale troch it pleatslike partoer besteande út Paul Dijkstra, Steven Koster en Tjisse Steenstra te ferslaan (5-2, 6-2).

Trefwurden: 
keatsen Minnertsgea Bitgum
(advertinsje)