Nyck de Vries wint Formule 2-race op Spa-Francorchamps

Op soevereine wize hat autokoereur Nyck de Vries sneontemiddei de haadrace fan it Formule 2-wykein yn België op syn namme skreaun. Op sirkwy Spa-Francorchamps wie de 23-jierrige koereur út Twellingea de rapste fan it racefjild.
Nyck de Vries © Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
Efter De Vries einige Sérgio Sette Câmara út Brazilië op it twadde plak. George Russell út Grut-Brittannië kompletearre it poadium en einige as tredde.

Pole position

De Vries begûn fan pole position ôf. Dat hie der freed by de kwalifikaasje ôftwongen. Fan it begjin ôf gie De Vries yn de haadrace oan de lieding. Healwei de race kaam de safety car de baan op en dat wie yn it neidiel fan De Vries dy't syn opboude foarsprong slinken seach.
Neidat de safety car de baan wer ôf wie, boude De Vries syn foarsprong wer út en stie it earste plak net mear ôf. It wie de tredde winst foar De Vries dit seizoen yn de Formule 2.

Klassemint

De Vries stiet no nei de winst op Spa-Francorchamps yn it klassemint op it fjirde plak mei 145 punten. Russell stiet earste (186 punten), Lando Norris út Grut-Brittannië twadde (171 punten) en de Britske Tailanner Alexander Albon tredde (151 punten).