ONS Snits ferliest op besite by ASWH seizoensûvertuere

ONS Snits is sneontemiddei mei in nederlaach op besite by ASWH oan it nije seizoen begûn. De ploech fan trainer Paul Raveneau ferlear yn Hendrik-Ido-Ambacht mei 1-0 de earste wedstriid yn de tredde difyzje.
De seleksje fan ONS Snits © www.orange-pictures.nl
Op sportpark Schildman begûn ONS Snits sterk oan de wedstriid, mar goals levere dat net op. Healwei de earste helte kaam ASWH better yn it spul en krige ek in goede kâns. Yassine Belghar fan de thúsklup skeat yn it sydnet.

Troch de fuotten

Tsien minuten nei it skoft kaam ONS Snits op efterstân. Lester Pires skeat de bal troch de fuotten fan keeper Barry Ditewig (1-0). Dyselde Pires wie tsien minuten foar it ein fan de wedstriid tichtby syn en ASWH's twadde goal, mar de oanfaller skeat de bal op de peal.
ONS Snits gie yn de einfaze noch wol op syk nei de lykmakker, mar slagge dêr net yn. Dêrtroch begûnen de Snitsers mei in nederlaach oan it nije seizoen.
ASWH - ONS Snits 1-0 (0-0). 54. Pires 1-0.