FIDEO: Harkemase Boys begjint seizoen mei oerwinning op SJC

25 aug 2018 - 16:27

Harkemase Boys is sneon mei in oerwinning op SJC oan it nije seizoen yn de tredde difyzje begûn. De ploech fan trainer Tieme Klompe wûn op sportpark De Bosk mei 3-2 fan de promovendus út Noordwijk.

Healwei de earste helte kaam Harkemase Boys op foarsprong. Berwout Beimers lei de bal breed op Johnny de Vries en dy skode de bal yn de goal (1-0). Tsien minuten letter waard it wer gelyk. Spits Tom Duindam skeat fan tichtby de bal efter keeper Erick Jansema fan de Harrekiten (1-1).

Lang duorde de freugde net by de besikers. In minút letter krige Harkemase Boys in penalty. Jesse Renken wist wol ried mei dit bûtenkânske en skeat syn ploech foar de twadde kear dizze middei op foarsprong (2-1).

Burgumer goal

Nei in kertier spyljen yn de twadde helte wreide de thúsklup de skoare út. Twa Burgumers wine dêr ferantwurdlik foar. Robert Stelpstra joech de bal oan Henny Bouius en de oanfierder fan Harkemase Boys skeat de bal efter keeper Roy Haasnoot (3-1).

Even letter kaam SJC werom yn de wedstriid. Ynfaller Melvin van Stijn ferrifele Jansema mei in ôfstânskot (3-2). Tsien minuten foar it ein moasten de besikers fierder mei tsien man. Oanfierder Jordy Groot krige syn twadde giele kaart.

Trije punten

De oerwinning fan Harkemase Boys kaam dêrnei net mear yn gefaar, wêrtroch't de earste trije punten fan it nije seizoen binnen binne.

Harkemase Boys - SJC 3-2 (2-1). 22. De Vries 1-0, 33. Duindam 1-1, 35. Renken (pen.) 2-1, 60. Bouius 3-1, 69. Van Stijn 3-2. Reade kaart: 84. Groot (SJC).

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys SJC
(advertinsje)