Skûtsje It Doarp Eastermar wint yn styl kampioenskip IFKS

25 aug 2018 - 16:15

Skipper Geale Tadema hat sneontemiddei mei skûtsje It Doarp Eastermar yn styl it kampioenskip yn de grutte A fan de IFKS wûn. Op de Iselmar by De Lemmer pakten Tadema en syn bemanningsleden de dei-oerwinning én de titel.

Yn de wedstriid kaam efter It Doarp Eastermar De Zes Gebroeders fan skipper Klaas Kuperus as twadde oer de streek. Ton Brundel waard mei Lytse Lies tredde.

Einklassemint

Yn it einklassemint einige it skûtsje Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop op it twadde plak. It tredde plak wie, lykas yn de lêste wedstriid, foar Brundel mei Lytse Lies.

De Striidber fan skipper Siebo Zijsling, De Westenwind fan Daan van der Meer en de Ora et Labora fan Sietse Broersma einigen yn it einklassemint as lêsten en degradearje dêrmei nei de B-klasse. In bittere pil foar Zijsling, dy't al sawat tweintich jier yn de grutte A sylt.

Trefwurden: 
IFKS Eastermar Geale Tadema
(advertinsje)
(advertinsje)