Age Bandstra en Arjen de Jong pakke IFKS-kampioenskippen

Age Bandstra is mei syn skûtsje Avontuur sneon kampioen wurden yn de klasse A-lyts fan it IFKS-skûtsjesilen. Hy sette op de Iselmar as nûmer ien útein, mei like folle punten as de Hoop op Welvaart fan Rutger Boonstra.
IFKS © Omrop Fryslân, Jitze Alle de Vries
Age Bandstra oer syn kampioenskip
Arjen de Jong oer syn kampioenskip
Bandstra en Boonstra leine ek lang nûmer ien en twa yn de wedstriid en dat makke de striid tige spannend. "Kampioen wurde is altyd aardich, mar wannear't je der om sile moatte en dan ek noch sa sparre, dan is dat geweldich," sei Bandstra. Boonstra einige as twadde. De Lytse Earnewâldster fan Sjoerd Kleinhuis waard tredde.
Earder op dei waard Arjen de Jong al mei it skûtsje Grytse Obes kampioen yn de B-klasse. Hy promovearret dêrmei nei de grutte A, lykas Walter de Vries mei De Goede Verwachting (twadde) en Wytse Heerschop mei de Woeste Anne (tredde). Ek Ron Syperda fan de Ale sil takom jier promovearje nei de A-grut, om't út dy klasse skipper Arend Wisse de Boer ophâldt.

C-klasse

Yn de C-klasse waard de Sterke Jerke fan Pieter Jilles Tjoelker freed al kampioen. Sy wiene soeverein mei fiif kear in earste, ien kear in twadde en ien kear in tredde plak. Jan Visser fan de Zeldenrust (twadde) en Jehanne Prins fan de Lege Wâlden (tredde) geane takom jier mei him mei nei de B-klasse.