Iepenloftspul Jorwert: in ympresje

25 aug 2018 - 14:52

"Ja, der komt in jonge del en nee, hy is net dôf. Wat is dêr no spitich oan?" Famke, de dochter fan de húshâlding Bellier, sjocht har heit en mem oan. Mei sawol wurden as gebeartetaal besiket Famke dúdlik te meitsjen dat se normaal dwaan moatte tsjin de jonge. Hy is gewoan wolkom mei syn sûne earen. Heit tinkt nei en mem is wat fan slach; se hat it net sa op hearende minsken. "Hawwe jim al seks hân?" freget Famke har broer. Hy fynt de hiele situaasje tige nijsgjirrich. Yntusken wit allinnich Famke wêrom't de jonge echt by har delkomt.

Troch: Johanna Brinkman

Dit is ien fan de sênen út it iepenloftspul De Famylje Bellier. In normale húshâlding, sa liket it, mar heit, mem en de soan binne dôf. Dochter Famke kin wol hearre en is dêrtroch de skeakel nei de bûtenwrâld. Oant se der efter komt dat se goed sjonge kin. It sil de rêst yn de waarme húshâlding flink fersteure.

Ramses Shaffy

Muzyk spilet in grutte rol yn De Famylje Bellier. Der is keazen foar nûmers fan Ramses Shaffy en Liesbeth List. Se slute goed oan by de teksten yn it stik. En se klinke hast wer as nij trochdat Jorrit Laverman se bewurke hat. In koar fan sa'n 30 à 40 man sjongt elk haadstik it bypassende nûmer tegearre mei de solisten. Sjonge mei it koar is foar Doete Stenekes in eare.

Stenekes spilet de rol fan Famke. "It komt wol binnen en guon hawwe by it sjongen fan de teksten wolris oan it trienfeien west". Al jierren hope Doete op sa'n rol as dy fan Famke. "It moaie fan dit stik is foar my wol it sjongen. It is te gek, dit woe ik sa graach!"

Johanna Brinkman - Foto: Omrop Fryslân

Gebeartetaal

It stik giet oer dôven, mar is foaral bedoeld foar minsken dy't hearre kinne. De rol fan Famke is dêrom wichtich om neist de gebeartetaal ek te fertellen wat dêrmei sein wurdt. Foar Doete is it dus skeakeljen tusken it meitsjen fan gebearten, it praten en it spyljen. Foaral dy gebeartetaal makket it dus in pittige rol. De gebearten klopje net altyd mei hoe't dôven it brûke.

De akteurs ha nei HoorFryslân west om yn kontakt te kommen mei dôven en harren taal. Sy hawwe sa in basis gebeartetaal leard en oare gebearten dy't teätraal oantreklik binne derby betocht. Neist dat de rol fan Famke as in soart tolk fungearret, hawwe de 'dôve' akteurs ek mominten wêrop't se harren gedachten hurdop útsprekke kinne. "Sa kinne we krekt wat mear kennis en eftergrûn jaan oan de rollen", seit Tjerk Kooistra, de regisseur fan it stik.

Loyaliteit

It idee foar De Famylje Bellier waard al earder oppere by de lêskommisje fan Jorwert. Mar doe fûn regisseur Tjerk Kooistra it noch net geskikt. It is basearre op de Frânske film Bellier. Dêrom wie it efkes sykjen nei hoe dit nei Fryslân te ferpleatsen. Sa is der bygelyks keazen om fan Famke in folwoeksen rol te meitsjen.

"It stik giet oer in spagaat wêryn't Famke sit. Kiest se derfoar om it gean te litten of giet se fierder mei it sjongen. Ek al betsjut it dat se it har âlden lestich makket om't se harren tolk kwytreitsje. Dus kiest se derfoar om te dwaan wat har âlden net begripe", beskriuwt Kooistra. Om dêr it antwurd op te finen is der mar ien oplossing; it iepenloft mei eigen eagen en earen besjen en belústerje.

Spyldata

  • Sneon 1 septimber om 20.30 oere
  • Tiisdei 4 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 6 septimber om 20.00 oere
  • Freed 7 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 8 septimber om 20.00 oere
  • Tiisdei 11 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 13 septimber om 20.00 oere
  • Freed 14 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 15 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 20 septimber om 20.00 oere
  • Freed 21 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 22 septimber om 20.00 oere
  • Tongersdei 27 septimber om 20.00 oere
  • Freed 28 septimber om 20.00 oere
  • Sneon 29 septimber om 20.00 oere

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)