Sweeffleantugen de loft yn op moetingswykein yn Ljouwert

25 aug 2018 - 12:56
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It is in jierlikse hichtepunt foar de Fryske sweeffleaners. De Fryske Aero Club is sneon en snein gasthear foar sweeffleaners út it hiele lân. Se komme allegearre byinoar op de Ljouwerter fleanbasis.

De sweeffleantugen komme yn in oanhingwein en wurde op it fleanfjild yninoar set - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De measte oanwêzige sweeffleantugen binne fan it âldere type Ka6. Dat is boud yn de jierren '60. De sweeffleaners komme mei de demontearde fleantugen yn in oanhingwein en sette se dan ynoar. Mei in kertierke is it fleantúch dan klear. It waar is net optimaal, mar tusken de buien troch kin der wol flein wurde. Dêrfoar wurde se oan in kabel de loft yn sleept troch in motorisearre fleantúchje. As it kabel los giet, besiket de sweeffleaner op de termyk salang mooglik yn de loft te bliuwen. Uteinlik lânje se dan ek wer yn Ljouwert.

De sweeffleantugen hawwe ek wolris de Alvestêdetocht flein, mar dat slagget no net. De termyk boppe wetter is oars as oars en yn de Súdwesthoeke is no ienkear in soad wetter benammen by Starum, fertelt in wurdfierder fan de Aero Club.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De sweeffleanmoeting kin no hâlden wurde op de Fleanbasis Ljouwert, omdat de F-16's dit wykein net fleane en Ljouwert ek gjin tsjinst hat om fleantugen dy't net yn it loftrom komme meie, te ûnderskeppen. Wol moatte de sweeffleaners rekken hâlde foar de medyske helikopter.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is by de sweeffleanmoeting yn Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
sweeffleantúch
(advertinsje)