Blinen hawwe muoite mei shared space

25 aug 2018 - 11:45

It is bedoeld om de stêd feiliger te meitsjen, mar de saneamde shared-space-plakken yn Ljouwert binne foar blinen faak gefaarlik. Dêr't auto's, fytsers en fuotgongers trochinoar hinne bewege, hearsket gaos foar blinen. De 34-jierrige Gert-Jan Bouma fan Ljouwert wit dêrfan mei te praten.

Gert-Jan Bouma fielt him net feilich by oerstekken Stasjonplein Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân. Auke Zeldenrust

"Omdat er geen stoepen meer zijn, is het voor mij moeilijk de weg te vinden. Ook mijn blindegeleidehond Nore wordt er zenuwachtig van. Het is er voor mij niet veiliger op geworden", seit de man dy't sûnt syn berte neat sjocht. Hy begrypt dat shared-space betocht is en dat it der foar de measte ferkearsdielnimmers feiliger op wurden is. "Maar ja, elk voordeel heeft zijn nadeel."

Gert-Jan Bouma op Stasjonsplein Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân. Auke Zeldenrust

Reportaazje mei Gert-Jan Bouma

Bouma fielt him benammen op it Beursplein en it Stationsplein yn Ljouwert net altyd feilich. Hy sjocht de oplossing net yn ynfrastrukturele oanpassings fan dy gebieten. "Shared space betekent dat iedereen rekening met elkaar houdt. Het zou fijn zijn als mensen ons ook zien en onze problemen begrijpen. Elkaar helpen, zou al heel veel schelen."

Ut ûndersyk fan it UMCG yn Grins die in pear jier lyn al bliken dat bline minsken it paad bjuster reitsje op shard-space-plakken. Der waard doe advisearre om nije oriïntaasjepunten oan te bringen, lykas ferfanging fan de eardere stoepen en fytspaden. Te tinken falt oan bankjes of it oanbringen fan in dúdlik fielber ferskil yn ûndergrûn.

Trefwurden: 
Ljouwert shared space Blinen
(advertinsje)