Omrop TIP: Buro de Vries live yn Himpens-Tearns

Tweintich jier lyn begûn de grutte metamorfoaze fan de súdkant fan Ljouwert: in nij bestimmingsplan foar de wyk Suderbuorren mei dêryn romte foar de bou fan 1750 nije wenningen, it oanplantsjen fan hûndert hektare bosk en it útgraven fan tal fan nije wetterpartijen, wêrûnder de Tearnzer Wielen. De gefolgen foar de doarpkes Himpens en Tearns wiene grut. Dochs is it eigen doarpskarakter behâlden bleaun. Soe dat ek foar it mienskipsgefoel jilde?
Brêge tusken Himpens en Tearns © Omrop Fryslân, René Koster
Buro de Vries is dizze simmer yn tsien doarpen, ferspraat oer de provinsje op syk nei de 'iepen mienskip', it skaaimerk fan LF2018. Soe dat hjir ek te finen wêze, of soene de stedske gewoantes Himpens en Tearns ek al berikt hawwe? Yn Buro de Vries treffe we ûnder mear de doarpsâldsten fan beide doarpen. Beiden hawwe de grutte feroaringen fan it begjin ôf meimakke en sy hifkje foar ús de konsekwinsjes.
Tearnser Wielen © Omrop Fryslân
Smoardrok wie it der faak fan 't simmer op de Kop fan Tearns. Dêr kaam net allinnich de doarpsjeugd te swimmen, mar ek in soad Ljouwerters. Yn de stêd is gjin iepenloftswimbad en de temperatueren wiene boppe de tritich graden.
Yn de takomst soene by de mar noch folle mear rekreaasje-ûntwikkelingen komme kinne. En dat wylst it tweintich jier ferlyn noch boerepolderlân wie. Buro de Vries praat ûnder mear mei ien fan de bewenners fan de pleats dy't wike moast en fan wa't it lân feroare is yn wetter.
Kapsule Himpens-Tearns © Omrop Fryslân, René Koster
Doarpsbelang Himpens-Tearns bestie yn 2017 hûndert jier. Fansels is der yn dy jierren in soad feroare. Mar dochs bloeit de feriening noch altyd en binne yn tal fan wurkgroepen tsientallen frijwilligers aktyf. Hoe slagget it bestjoer deryn om al dy plakken beset te krijen? En hokker rol spilet doarpshûs De Bining - gasthear foar ús programma - dêrby?
De Bining, Himpens-Tearns © Omrop Fryslân, René Koster
Yn alle doarpen sjocht Buro de Vries yn dizze simmerperioade ek nei de rekreaasjemooglikheden. Yn Himpens is de boerecamping fan Piet de Boer al sûnt jierren in begryp. Benammen yn dit Kulturele Haadstêd-jier tilt it dêr op fan de gasten. Reden genôch om ek eefkes op besite te gean by Hiddemastate. Wa wit, treffe wy der ek noch wat nijsgjirrige kampearders.
Hiddemastate Himpens © Omrop Fryslân
Fieder sjogge wy op it hôf by it tsjerkje en besykje wy efter it ferhaal fan de Visser-Bearda-stichting te kommen. Wa wiene dy minsken en hoe kin it dat it doarp noch alle jierren jild út harren fûns kriget? En wêrom is it probleem fan de hurdriders op de Skoalledyk net op te lossen, wylst der dochs allinnich doarpsbewenners del komme?
Tsjin tolven komt yn it programma Sido Martens del. De Ljouwerter sjonger-lietskriuwer hat in caravan yn Himpens en dêr kaam ek de ynspiraasje foar syn nijste album wei. Hoe't dat sit en hoe't dat klinkt, jo hearre it snein yn Buro de Vries.
Tsjerkje Himpens © Omrop Fryslân, René Koster