Djoerste huzen stean op Waadeilannen

25 aug 2018 - 11:09

De djoerste huzen fan Fryslân stean op de Waadeilannen. Dat is ôf te lieden út in oersjoch fan de WOZ-wearden dat makke is troch it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS.

Foto: ANP Foto

Op Skylge kostet in hûs yn trochsneed trije ton. De oare eilannen sitte dêr krekt wat ûnder. Op de Fryske fêstewâl is Opsterlân de gemeente mei de heechste WOZ-wearde. Dêr komt in hûs op 200.000 euro.

De leechste wenningwearde is te finen yn Ljouwert mei 137.000 euro. It giet om sifers oer ferline jier.

Trefwurden: 
Waadeilannen WOZ huzepriis
(advertinsje)
(advertinsje)