Fytsshowband Crescendo op Reade Plein: Spektakel en oehs en ahs

25 aug 2018 - 10:41

Showband Crescendo is dwaande mei in wol hiel bysûndere rige optredens. Oant 2 septimber jouwe se alve konserten op it Reade Plein yn Moskou. Se spylje op it International Military Music Festival Spasskaya Tower.

Foto: Facebook, Bicycle Showband Crescendo

René Jelsma fan Crescendo

Crescendo fan de Grinzer Pein is in amateurorkest mei leden dy't op de fyts spylje. "Dat binne se net wend yn Moskou", fertelt manager René Jelsma fan Crescendo. Wy binne amateurs, wylst in soad oare oanwêzige militêre orkesten profesjoneel binne. Se komme oeral wei: út Meksiko, Oman en Myanmar."

"Wy kamen fuortendaliks op mei spektakel en krúsling trochinoar hinne ridend. Dan krijst in soad oehs en ahs. Wy fierden in act op mei humor. Ien fan de korpsleden op de fyts kriget sabeare in ûngelok. Doe hawwe wy de fyts begroeven, net de persoan."

Cresendo hat twa dagen repetearre en freed gie it echt los op it Reade Plein mei op de achtergrûn de byldbepalende katedraal en it Kremlin. "Mei sântûzen man op de tribune en fjoerwurk. Prachtich. Wy hawwe no noch alve optredens. Aansen gean wy mei de bus nei in park foar in militêre parade. Dêrnei jûn werom op it Reade Plein."

Trefwurden: 
Crescendo
(advertinsje)