Mear maatregels needsaaklik om ûnderwizerstekoart te ferminderjen

De maatregels yn it basisûnderwiis hawwe effekt, mar der is mear nedich om it tekoart oan ûnderwizers echt werom te bringen. Dat sizze ûnderwiisministers Arie Slob en Ingrid van Engelshoven. De ministers skreaunen freed in brief oan de Twadde Keamer, dêr't sy ûnder mear yn oproppe ta in mear regionale oanpak fan it tekoart oan masters en juffen.
skoalleboerd © Shutterstock.com
Jan Sijtsema oer krapte oan ûnderwizers
Neffens Jan Sijtsema fan CBO Fryslân, de organisaasje foar kristlik basisûnderwiis, yn de provinsje Fryslân spilet it tekoart benammen by sykte.
"It giet mis mei de groep ferfangers", seit Sijtsema. "Dêr binne te min fan. De measten kinne wol in reguliere baan mei in fêst kontrakt krije en dat hat dan dochs de foarkar. Regionaal gearwurkje dogge wy hjir al, dus moatte wy sjen nei oare mooglikheden. Mear ynsette fan ûnderwiisassistinten kin in mooglikheid wêze. Fan de ûnderwiisassistinten dy't no ynset wurde, hat de helte in Pabodiploma".
As elkenien de gryp hat, dan hawwe wy in probleem
Jan Sijtsema

Stille reserves

It ynsetten fan mear sydynstreamers kin ek meihelpe. "Net elkenien is geskikt om nei langere tiid wer foar de klasse te stean, mar der sitte seker stille reserves tusken dy't wy brûke kinne." Yn it mear ynsetten en langer wurkje litten fan besteand personiel sjocht Sijtsema net folle heil. In hiel soad wolle yn ferbân mei de thússituaasje net mear as in parttime baan.
Mar der moat echt wat barre, neffens Sijtsema. "Oars moatte wy by sykte klassen gearfoegje of nei hûs ta stjoere."