Kollum: "De foto"

Soms wurde jo pakt troch in byld. It kin in tafriel op strjitte wêze, in tafallich barren dat nimmen foarsizze kinnen hie. Of jo sjogge nei in foto. No komme der op sosjale media in hiele soad foto's foarby, dus moat it wol in bysûnderenien wêze, wolle jo der langer as in pear tellen nei sjen.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Dizze wike kaam ik in foto tsjin dêr't ik in skoft nei sjoen haw. Hy stie op Klaas Sietse Spoelstra syn Twitteraccount. Witte jimme wa't dat is? Klaas Sietse Spoelstra is in man dy't krekt itselde wol as de measte oaren minsken, nammentlik dat we hjir mei ús allen de kommende generaasjes ek noch op in goede wize libje kinne. Hy wol dat de blommen troch bijen bestood wurde, net troch skoalbern lykas dat yn Sina op plakken bart. Hy lit it net lykas de measte oare minsken by it wollen, mar besiket der aktyf wat oan te dwaan. Mei yn 'e achterholle dat wy net miene moatte dat as wy de boeren eliminearje, de saak oplost is. Klaas Sietse siket nei in wurkber gehiel. Hoe't er dat docht, is in lang ferhaal, mar it fertsjinnet bewûndering. Jo hoege it net altyd iens te wêzen oer de wurkwize, mar de gedachte achter syn krewearjen is ien dêr't we ús allegearre wol yn fine kinne.
© Twitter Klaas Sietse Spoelstra
As boeresoan folgje ik eins alles oer de lânbou en wat dêrmei anneks is. Sa kom ik geregeld in útspraak fan of oer Klaas Sietse tsjin. Dizze wike hie Fryslân hege besite. Miskien hawwe jimme it meikrigen. Mark Rutte wie efkes yn de moaiste provinsje fan it lân. It is wat ûndersnijd, ik besef dat wol. Mar hy wie der al. Hy brocht ûnder oare in besite oan in seal dêr't er tasprutsen waard troch Klaas Sietse Spoelstra. En fan dat barren is in foto makke. Ik haw it plaatsje mei de mail nei de Omrop stjoerd, miskien dat se him efkes op de side by de kollum sette kinne. Dan kinne jimme ek even sjen nei de prachtige komposysje. Klaas Sietse fiert it wurd. Foar de safolste kear leit er út wat him besielet. Want jo kinne yn dit lân samar de multinationals in pear miljard belestingfoardiel jaan, mar jo moatte boeken folskriuwe en kear op kear prate as brugman en josels de rambam lobbye om de wrâld derfan te oertsjûgjen dat blommen yn de greide miskien wol like belangryk binne. Neat foar my, mar Klaas Sietse beskikt oer it geduld om dat jier yn jier út fol te hâlden.
Hy hie op dizze foto gjin plein fol mei hoera roppende supporters foar him. Nee, in pear begripend laitsjende manlju mei in glês jus de orange, in frou sûnder glês en in man mei in grut keatling om de nekke dy't it neffens syn eachopslach fierstente drok hat. It falt my altyd op dat, as boargemasters harren amtskeatling om hingje, der wat feroaret. It is krekt as mei myn bestelbuske. As jo der reklame op plakke, ride jo oars, omdat jo dan net langer anonym binne. Ik kin my yntinke dat guon boargemasters dat blingblingding sa no en dan ferwinskje. Hawar, ik dwaal ôf fan de foto. Want achter it tafeltsje mei it ûnfermeilike skaaltsje mei bobo-iten stie Mark Rutte. Dy seach net nei de sprekker, mar wie neffens my dwaande om te betinken wat er letter op de dei op dat plein mei hoera roppende minsken sizze soe. Hy seach totaal ôfwêzich oer alles en eltsenien hinne troch it rút nei bûten.
Op sa'n stuit moat jo bewûndering foar it al mar trochsetten foar generaasjes nei ús troch minsken lykas Klaas Sietse allinnich mar groeie, want it resultaat fan josels in kear healdea swimme blykt op koarte termyn in folle better resept om de oandacht fan it folk te krijen. Wylst it mei Spoelstra syn ûnderwerp fiif foar tolven is, mar ja, dat is net populêr genôch foar it grutte publyk. De measten fan ús fine spitigernôch nei goed kristlike tradysje in wreed lijensferhaal noch altyd folle aardiger.