Matchwinner Rossi: "In spesjaal gefoel en in prachtich momint"

24 aug 2018 - 23:13

SC Cambuur wie freedtejûn yn eigen hûs te sterk foar Jong AZ (2-1). It wie foar de Ljouwerters de earste oerwinning dit seizoen. Matchwinner waard Karim Rossi. Mei syn earste balkontakt makke de Switser tsjin de Alkmaarders, efterôf, de winnende goal.

Dêr wie Rossi fansels bliid mei. "In spesjaal gefoel en in prachtich momint. Benammen omdat ik noch net iens ien minút op it fjild stie en fanwege de drege moannen dy't ik efter de rêch ha." De spits lei der lang út mei in ferfelende blessuere.

Reaksje René Hake

Cambuur hie it dreech mei AZ en dat hie trainer Hake yn it foar net tocht. "Los van de overwinning ben ik over de manier waarop niet tevreden. Zij beschikken over technisch vaardige spelers en als je de ruimte te groot maakt, zijn zij in staat onder de druk uit te spelen en dat gebeurde."

Hake wie wol te sprekken oer it resultaat. "We hebben de overwinning over de streep getrokken en dat is het belangrijkste. Vier uit twee is goed."

Net allinnich de namme fan Rossi kaam op it skoareformulier, want ek Justin Mathieu makke in goal. "Hij was niet te missen." It wie net syn earste goal tsjin AZ. Ek ferline seizoen skoarde Mathieu tsjin de ploech út Alkmaar. "Laten we dat mooi zo houden."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(advertinsje)
(advertinsje)