Ynfaller Rossi besoarget SC Cambuur winst mei earste balkontakt

24 aug 2018 - 21:58

SC Cambuur hat freedtejûn de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Yn eigen hûs wie de ploech fan trainer René Hake te sterk foar it belofteteam fan AZ (2-1). Foar de Ljouwerters skoarden Justin Mathieu en ynfaller Karim Rossi.

Karim Rossi fiert syn goal - Foto: www.dijksfotografie.nl

Cambuur begûn goed oan de wedstriid. Mathias Schils skeat nei seis minuten spyljen op goal, mar seach dat keeper Jasper Schendelaar fan AZ de bal noch krekt oer de latte tikje koe.

Ien-op-ien

Healwei de earste helte tocht de thúsklup oan in penalty, mar skiedsrjochter Christian Mulder seach gjin oertreding yn de fal fan Emmanuel Mbende. In pear minuten letter wie it raak foar Cambuur. Kevin van Kippersluis betsjinne Mathieu en de middenfjilder sette ien-op-ien mei Schendelaar Cambuur op foarsprong (1-0).

In minút foar it skoft wiene de besikers ticht by de lykmakker, mar AZ-spits Ferdy Druijf seach syn kopbal op de goal fan keeper Xavier Mous delkommen.

Twadde helte

De earste grutte kâns foar Cambuur ûntstie in kertier yn de twadde helte troch mistaasten fan Schendelaar. Mathieu profitearre, mar koe de bal net by Van Kippersluis krije.

Wêr't Cambuur op syk gie nei de ferdûbeling fan de skoare, foel it doelpunt oan de oare kant. AZ krige in strafskop nei in oertreding fan Kevin Schindler. Druijf wist hjir wol ried mei en sette de stân wer yn lykwicht (1-1), mar lang koe AZ hjir net fan genietsje.

Noch gjin minút nei syn ynfalbeurt sette Cambuur-spits Rossi mei syn earste balkontakt de Ljouwerters wer op foarsprong (2-1). Even letter besocht Rossi Van Kippersluis te berikken, mar Henri Weigelt siet tusken dit passke.

Fjouwer punten

Troch de winst hat Cambuur nei twa wedstriden no fjouwer punten. De seizoensiepener tsjin NEC yn Nijmegen waard lykspile (1-1).

Justin Mathieu (r) lâns Jamie Jacobs - Foto: www.orange-pictures.nl

SC Cambuur - Jong AZ 2-1 (1-0). 27. Mathieu 1-0, 73. Druijf (pen.) 1-1, 74. Rossi 2-1. Giele kaarten: Van Kippersluis, Mathieu (SC Cambuur), Hoedemakers, Stam (Jong AZ).

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Schilder, Sambissa; Mathieu (89. Calor), Schindler, Schils, Maulun (68. Ciganiks); Conraad (74. Rossi), Van Kippersluis.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(advertinsje)