Auto mei oanhingwein slacht oer de kop by Drachten

Op de N31 by Drachten is freedtemiddei in auto oersiden yn de middenberm telâne kaam. De oanhingwein dy't efter de auto siet sloech dêrby oer de kop. De brânwacht hat de bestjoerder út de auto befrijd.
© De Vries Media
Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de automobilist kontrolearre. It is net bekend hoe slim de ferwûningen binne. Troch it ûngelok ûntstie in flinke file. De plysje hat in part fan de dyk in skoftke ôfsletten.