Dútske fertochte yn saak-Van Seggeren bliuwt langer fêst

24 aug 2018 - 20:06

De twadde fertochte yn de saak-Van Seggeren, de mem fan de widdo fan Tjeerd van Seggeren, bliuwt foarearst trije dagen langer fêst sitten. Dat is freedtemiddei útsprutsen troch de rjochter-kommissaris. De 55-jierrige frou út Dútslân wurdt fertocht fan belutsenheid by de moard op Van Seggeren.

Foto: De Vries Media

Har dochter sit al sûnt desimber fêst op fertinking fan belutsenheid by de dea fan har man. Moandei of tiisdei sil opnij bepaald wurde oft de frou noch langer fêstsitten bliuwt. Van Seggeren waard yn july 2017 dea fûn yn in greide by De Westereen.

Trefwurden: 
justysje Van Seggeren moard
(advertinsje)