UPDATE: IFKS hâldt fêst oan bemanningslist-regel nei protesten skippers

IFKS-skippers Ton Brundel en Siebo Zijsling hawwe freed protest yntsjinne by de wedstriidkommisje fan de IFKS. De beide skippers binne fan miening dat de regels ûnder de wedstriden net feroarje wurde meie.
De Drie Gebroeders winne de silery by Heech © Omrop Fryslân
De IFKS woe nammentlik de bemanningslist-regel weromdraaie. De regel wie dit jier krekt foar it earst yn it libben roppen. De wedstriidkommisje hat de twa skippers yn it gelyk steld en joech it bestjoer fan de IFKS it advys de regel net ûnder de kompetysje te skrappen.
It bestjoer fan de IFKS hat dêrop freedtejûn besletten it advys fan de wedstriidkommisje oer te nimmen en de bemanningslist-regel net werom te draaien.