Olde Riekerink sjocht foarút op Feyenoord-thús: "Goede ploeg"

24 aug 2018 - 19:28

SC Hearrenfean hat mei fjouwer punten út twa wedstriden in goede kompetysjestart. Trainer Jan Olde Riekerink is tefreden oer it tal punten, mar fuotbaljend moat it wol folle better.

De trainer fan Hearrenfean wit wat der better moat. "Als we iets eerder druk zetten op de tegenstander krijgen we meer ruimte om te voetballen. Deze week hebben we daar weer extra aandacht aan besteed."

Snein spilet syn ploech opnij in thúswedstriid. Nei it lykspul tsjin Vitesse (1-1) komt no Feyenoord op besite yn it Abe Lenstra Stadion.

Feyenoord-thús

Feyenoord belibbet in muoisume start fan de kompetysje. Yn de Europa League waarden de Rotterdammers útskeakele troch AS Trencín en de earste kompetysjewedstriid waard ferlern fan De Graafschap. Ofrûne wykein waard der wol mei romme sifers wûn fan Excelsior (3-0).

"Ik vind Feyenoord een goede ploeg", seit Olde Riekerink. "Tegen Excelsior hebben ze weer aan het vertrouwen kunnen werken. Daarnaast hebben ze genoeg individuele kwaliteiten. Ik zie Feyenoord zeker weer in de topvijf eindigen."

Neffens ferline wike komt Morten Thorsby werom fan in skorsing. Nei alle gedachten stiet de Noar wer yn de basis, ta skea fan Rodney Kongolo. Sherel Floranus traint wer mei de groep mei, mar de wedstriid tsjin Feyenoord komt noch te betiid. Ek it meidwaan fan Doke Schmidt is noch ûnwis. Yn dat gefal spilet Lucas Woudenberg wer op de rjochtsbackposysje.

Transfers

Allinnich as der spilers fuortgean, giet Hearrenfean de transfermerk op. Miskien wurdt der dizze simmer noch in ekstra spits helle. Nei it fuortgean fan Henk Veerman nei FC St. Pauli hat Olde Riekerink mei Sam Lammers noch mar ien spits oer. "We hebben nu eenmaal niet het budget om zomaar nieuwe spelers te halen, dan moeten we eerst ruimte maken in de selectie", seit technysk direkteur Gerry Hamstra.

Ek Jizz Hornkamp soe yn de punt fan de oanfal spylje kinne, mar de talintfolle oanfaller wurdt nei alle gedachten ferhierd oan MVV. Hamstra lit witte dat it net om in definityf ôfskied giet. "Absoluut niet, dit is een keuze waarvan wij denken dat dit goed is voor zijn ontwikkeling. Wij vinden Jizz gewoon een goede speler."

Ek Pelle van Amersfoort is in opsje foar yn de spits. De oanfaller hat dêroer in petear hân mei Olde Riekerink. Der is wol in soad ynteresse foar de jeugdynternasjonal. Sa kin er de oerstap meitsje nei de Championship. In ploech út it twadde nivo fan Ingelân hat konkrete ynteresse, mar de klups binne der noch net út.

(advertinsje)