Friezen yn it spier foar frijlitting fan rappende politikus út Uganda

Yn it Afrikaanske lân Uganda binne op dit stuit grutte rellen. De befolking dêr is lilk om't politikus Robert Kyagulanyi, better bekend as de populêre rapper Bobi Wine, oppakt is. Net allinnich Ugandezen fiere massaal aksje om Wine frij te krijen, ek Selma en har sus Elza Zijlstra út Burgum komme yn it spier foar harren freon.
Barbara & Bobi Wine © Facebook Selma Zijlstra
Troch: Froukje Sijtsma

Under fjoer

By de foarferkiezings dy't der no binne yn Uganda, fiert Wine (36) kampanje foar de tsjinkandidaat fan presidint Yoweri Museveni, in diktator dy't al sûnt 1986 oan de macht is. Doe't de tsjinkandidaat foarige wike in foarferkiezing wûn, waard Wine syn sjauffeur deasketten. Wine sels en oare sympatisanten waarden oppakt foar heechferried. Wine sit yn de sel, tongersdei waard er foar de militêre rjochtbank frijsprutsen, mar fuort dêrnei waard er wer oppakt.
Selma (r) en Bobi Wine yn 2014 yn Oeganda © Selma Zijlstra

Freonskip

Selma en har sus Elza binne al jierren befreone mei Wine syn frou Barbara en har sus Brenda. "De âlden fan Barbara en Brenda wennen yn de jierren njoggentich in skoft yn Oentsjerk. Se wienen hjir yn Fryslân foar in lânboustúdzje", fertelt Selma. De famylje Zijlstra is yn dy tiid harren gastgesin. "Sy kamen by ús thús oer de flier en we gienen ek mei harren op paad foar Fryske tripkes."

Korrupsje en geweld

"Bobi wie trije doe't Museveni presidint waard. Hy swaait no noch altyd de skepter", fertelt Selma. It grutste part fan Uganda bestiet út minsken ûnder de 35 jier. "Dy jongeren wolle earlike ferkiezings, goeie sûnenssoarch en ûnderwiis, mar dat is net op oarder troch korrupsje en geweld. Bobi ropt minsken op om harren te ferienigen tsjin Museveni." Dat tsjinlûd wurdt net op priis steld, giet Selma fierder. "Bobi wurdt no beskuldige fan heechferried, dat is in taktyk om de sterker wurdende opposysje de mûle te snoeren. Museveni hopet dat se mei dit presjemiddel him it swijen oplizze kinne."

Nij elan

Selma sels tinkt ek dat de tiid ryp is foar feroaring. "Uganda is in heale plysjesteat wurden. Ast mei mear as trije minsken byinoar komst, dan wurdst al hast oppakt. It wurdt tiid dat in oar persoan it roer oernimt. In soad jongeren yn Uganda sjogge yn Bobi dy persoan."

Skriuwfreondinnen

De Fryske fammen hawwe noch in skoft brieven skreaun mei de twa Ugandeeske suskes. "Brenda en ik hâlden it mar in skoftke fol, mar Barbara en Elza skreaunen elkoar hiele lange brieven. Dêryn fertelde Barbara dat der oarloch wie yn it noarden fan Uganda en dat se ek bang wie." It kontakt ferwettere nei ferrin fan tiid, mar de froulju sykje inoar jierren letter wer op fia Facebook. "Yn 2014 haw ik as sjoernalist in moanne yn Uganda west. Ik haw doe ek in wike útfanhuze by Barbara en Bobi", fertelt Selma fierder.
Bobi Wine is net in rapper mei allinnich holle slogans. Hy is in politikus mei oansjen.
Selma Zijlstra
Holle slogans?
Wine is yn de wike dat Selma dêr is in soad fan hûs foar konserten en optredens. Selma praat foaral in soad mei Barbara oer de tastannen yn Uganda. "De raps fan Bobi gean foaral oer de situaasje yn it lân, oer it plysjegeweld, korrupsje. It lân ropt om frijheid." Doe't ik by harren thús wie haw ik ek mei Wine sels praat. Hy hat in 'ongezouten miening' oer de situaasje yn it lân.
Yn harren hûs stie in kast fol boeken oer Afrikaanske en Ugandeeske polityk. Neffens Selma is Wine net samar in rapper mei holle slogans. "Ynternasjonaal wurdt hy beskôge as in politikus mei oansjen. Op de ambassades nimme se him serieus, ek minskerjochtaktivisten, wittenskippers en Nobelpriiswinners sette harren, ûnder oaren fia social media, yn om Wine frij te krijen."
Elza Zijlstra út Burgum fiert aksje op de Dam foar frijlitting fan Bobi Wine © Elza Zijlstra

#FreeBobiWine

Selma wennet op it stuit yn Kenia foar har promoasje-ûndersyk. "Hjir yn it buorlân Kenia wenje in soad Ugandezen. Ek hjir wurdt bot meilibbe mei de tastân yn Uganda. Yn Kenia is ek korrupsje en geweld en ik tink dat jonge Kenianen foar Bobi Wine yn aksje komme, om't hy ek de tastân yn harren eigen lân beskriuwt. Ek hjir is in soad korrupsje." Mei de hashtag #FreeBobiWine op Twitter wurdt omtinken frege foar it frijlitten fan de Ugandees.

Protest op de Dam

Op de Dam yn Amsterdam is tongersdei noch troch tsientallen Ugandezen aksjefierd foar de frijlitting fan Wine. Selma har sus Elza wenne de protestaksje by. "Mei sokke protesten, mar ek fia sosjale media wolle wy de rest fan de wrâld fertelle oer de tastân yn Uganda. Alle lytse bytsjes helpe om de situaasje dêr ûnder de oandacht te bringen."
Selma en Elza hawwe de lêste wiken út en troch kontakt hân mei Barbara en Brenda. "Se betankje ús foar alle stipe, dat helpt om efter de skermen druk út te oefenjen." De famylje hopet dat Bobi Wine nije wike op boarchtocht frijlitten wurde sil.
Selma Zijlstra fertelt oer har freonskip mei Barbara en Bobi Wine